Nei de ynhâld

8 septimber 2026

It is offisjeel: de kop is derôf! 

Toanielvereniging Halbertsma bestiet dit seizoen mar leafst 155 jier! En sa’n jubileum kinne jo fansels net samar foarby gean litte. Dêrom binne wy op 7 septimber yn de soos úteinset mei de repetysjes fan ús jubileumstik:

Robin Hood: Skeef yn ’e panty!

De kommende moannen wurdt der efter de skermen hurd repetearre om de komyske timing, de panty’s en de pylken perfekt op inoar ôf te stimmen. It doel is dúdlik: it publyk aanst in moaie jûn besoargje, fol humor, wille en fermaak. 

Wy spylje Robin Hood: Skeef yn ’e panty op:

  • 29 jannewaris
  • 30 jannewaris
  • 5 febrewaris
  • 6 febrewaris
  • 12 febrewaris

Wy hawwe der no al ferskriklik folle nocht oan. Hâld ús yn ‘e gaten foar alle updates, hjir op de webside, yn de Havensbank en op de sosjale media!