Nei de ynhâld

Oer ús

Wy binne in entûsjaste ploech frijwilligers mei ien mienskiplike passy: toaniel meitsje! Fan it earste idee oant it lêste applaus draacht elkenien syn stientsje by.

Mei in soad wille, kreativiteit en in flinke dosis humor wurkje wy alle jierren oan in nije foarstelling. Want toaniel is foar ús mear as allinnich op ’e planken stean. It is gearwurkje, ideeën ta libben bringe, tegearre laitsje en foaral in protte wille hawwe.

Nijsgjirrich wurden? Sjoch dan ris fierder op ús webside en ûntdek wat der by Halbertsma Toaniel allegear te belibjen is!