Nei de ynhâld

20 oktober 2026

Robin Hood sjit mei pylken en Halbertsma sjit yn aksje!

Efter de skermen wurdt hurd wurke! Fan it repetearjen oant it bouwen fan it dekôr en it meitsjen fan alle kostúms. Wy binne grutsk op al ús meiwurkers, dy’t har mei entûsjasme foar de feriening ynsette. Mei-inoar meitsje wy der wat moais fan!

Robin Hood siket gjin goud of sulver, mar staasjejildbonnen!
Meikoarten kinne jimme ús helpe mei in flessebonaksje by Supermarkt Wergea. Stelle mei net, mar jaan wol! Donearje dyn flessebon (staasjejildbon) yn ’e winkel en stypje ús feriening!

Robin Hood komt lâns, sinten klear!
Jawis, wy komme ek noch by jimme oan de doar! Mei wat leuks yn Robin Hood-sfear geane wy op paad. Hâld de doar én ús nijs oer de aksjes goed yn ’e gaten. Help ús mei om fan 155 jier Toanielferiening Halbertsma in grut sukses te meitsjen!

Graach lid wurde?
Dat kin al foar € 10,00 yn it jier (inkellid) of € 20,00 yn it jier (dûbellid). Wês wolkom! Stjoer foar mear ynformaasje in e-mail nei halbertsmawergea@hotmail.com.

Wy spylje Robin Hood: Skeef yn ’e panty! op:
Freed 29 jannewaris 2027
Sneon 30 jannewaris 2027
Freed 5 febrewaris 2027
Sneon 6 febrewaris 2027
Freed 12 febrewaris 2027

Oare kear wer mear ynformaasje, hjir op de website, yn de Havensbank en meikoarten ek op de sosjale media.