Nei de ynhâld

2024

Ferskuord (As leafde in kar wurdt….)

It is nijjiersnacht krekt nei tolve oere as in pear jongelju inoar moetsje by de Aldehou yn Ljouwert. It fjoerwurk spat der net allinne figuerlik mar ek letterlik fanôf tusken it steltsje op in momint dat se it alhiel net ferwachtsje!
Mar wat as dy leafde net is wat guon ferwachtsje?
Hoe reagearret de omjouwing hjir op en wat docht it mei jo sels as persoan?
Ferskuord giet oer de leafde, freonskip, hoop, twifels en eangst.
Mei oare wurden, wat as leafde in kar wurdt....