Nei de ynhâld

18 novimber 2026

Robin Hood is noch lang net útsketten!

Nee seker net! Want foar’t Robin Hood en syn maten op it poadium steane, moat der noch hiel wat barre!

Robin Hood siket flessebonnen!
De flessebonaksje by Supermarkt Wergea is fan no ôf los! Dus hawwe jimme fleskes of blikjes ynlevere? Donearje dan jimme statiegeldbon yn de winkel en stypje dêrmei Toanielferiening Halbertsma. In lytse muoite, mar foar ús feriening in moaie bydrage!

Robin Hood komt by jimme oan ’e doar!
Op sneon 28 novimber komme wy fan 10.00 oant 12.00 oere by jimme oan ’e doar mei ús hûs-oan-hûsaksje! Fansels hielendal yn Robin Hood-sfear. Wy hoopje op in waarme ûntfangst en in moaie opbringst foar ús feriening. Mei jimme stipe meitsje wy der mei-inoar in prachtich 155-jierrich jubileum fan!

Noch gjin lid? Kom derby!
Wolsto ús feriening stypje? Dat kin al foar € 10,00 yn it jier as inkellid of € 20,00 yn it jier as dûbellid. Sa helpe jimme ús om ek yn ’e takomst prachtige toanielstikken op ’e planken te bringen. Foar mear ynformaasje kinne jimme maile nei halbertsmawergea@hotmail.com.

Set alfêst yn’e agenda!
Yn jannewaris en febrewaris 2027 is it safier en kinne jimme genietsje fan ús jubileumstik Robin Hood: Skeef yn’e panty!
Wy sjogge jimme graach by ien fan ús foarstellingen!

Hâld ús hjir, yn de Havensbank en op ús sosjale media yn ’e gaten, want Robin Hood is noch lang net klear mei syn aventoeren!

Oant sjen! En tink derom: Robin Hood sjit mei pylken, Halbertsma rekket it doel!