Nei de ynhâld

Jongerein

Wolkom by it jeugdtoaniel fan Halbertsma!

Halbertsma is dé feriening foar bern en jongeren dy’t graach toanielspylje! Foar jongerein fan 11 oant en mei 18 jier biede wy in plak dêr’tst dyn kreativiteit kwyt kinst, nije dingen ûntdekke meist en mei in soad wille mei toaniel dwaande wêze kinst.

Fansels bist wolkom om sels op it poadium te stean en yn ferskillende rollen te krûpen, mar der is noch folle mear te dwaan! Fynst technyk, dekôrbou of grimearjen leuk? Ek dan bist by ús oan it goede adres. Der is foar elkenien in plak om syn of har talinten te ûntdekken en te ûntwikkeljen.

Mei ús jeugdtoaniel wolle wy jong talint stimulearje en in moaie basis biede om troch te groeien. Sjoch ús dêrom as in echte kweekfiver foar de takomst: wa wit steansto letter wol op it poadium by de folwoeksenentoanielstikken fan Halbertsma!

Wy binne in entûsjast bestjoer dat ûnderdiel is fan toanielferiening Halbertsma. Elts jier hawwe wy der wer een soad nocht oan om tegearre mei de jeugd wat moais del te setten.

Wolst op ’e hichte bliuwe fan ús aktiviteiten, foarstellingen en oare leuke updates? Folgje ús dan ek op Instagram en Facebook!
Instagram: @halbertsmajongerein
Facebook: Halbertsma Jongerein Toaniel

Hast fragen of wolst mear ynformaasje? Nim dan gerêst kontakt mei ús op fia e-mail: halbertsmajongerein@hotmail.com
Wy helpe dy graach fierder!

Doch mei, ûntdek dyn talint en belibje hoe moai toaniel wêze kin!

Kontakt mei Jongerein

Wolle jo meidwaan of hawwe jo in fraach? Nim kontakt op mei ús!